Remedial Teaching (RT) : dat wol sizze dat stipe jūn wurdt oan learlingen dy't(pedagogyske / didaktyske help noadich binne. Faak binne it bern dy't troch in fźststelde lear- en / of gedrachs-probleem/stoarnis op in leger as gemiddeld nivo funksioneare, mar der kin ek RT jūn wurde oan learlingen dy't heger as gemiddeld prestearje, hja kin likegoed ekstra omtinken en soarch brūke. De meast bekende learstoarnis is dysleksy.
Alden fan bern mei lear- en / of gedrachs-stoarnis/probleem hawwe in eigen feriening: Balans.
De stipe betsjut dat de learling dy't oanmeld wurdt foar rt by de remedial teacher (rt'er) ūndersocht wurdt troch middel fan in oannimpetear, toetsen, testen en/of observaasjes. De rt'er besiket in byld te krijen fan de learling, ek troch petearen mei de groepslearkracht en de ālden en sa der achter te kommen wźr't it probleem eins leit. Wannear't dat dśdlik is (diagnoase), wurdt in hannelingsplan opsteld. Yn in hannelingsplan stiet ūnder oaren hokker doelen berikt wurde moatte. De behanneling dy't dźrnei folget, hyt " remedial teaching". It is de stipe dy't folslein rjochte is op it probleem fan de learling, it is maatwurk.
It hannelingsplan wurdt opsteld foar in bepaalde perioade. Meastentiids wurdt 6 wiken oant 3 moannen lang ien of mear kearen yn'e wike "remedial teaching" jūn op skoalle of yn de eigen praktyk. De bedoeling is dat de learling nei dizze perioade (of eventueel noch wat langer) wer mei de eigen groep meidwaan kin.
Op in protte skoallen wurdt "remedial teaching" oanbean. In skoalle mei lykwols eigen prioriteiten stelle en is net ferplichte "RT" oan te bieden.. Der moat wol in soarchtrajekt wźze, dźr't de ynrjochting troch it hiele tiim fźststeld wurdt, alhoewol't de rjochtlinen en regels troch it ministearje fan OC&W fźststeld binne.
Der is dśdlik in ūnderskie tusken "remedial teaching" en byles. Byles is in werhelling fan al oanbeane lessen (re-teaching).
"Remedial Teaching" yn it koart:
niet ingelogd