bureau@lbrt.nl
home » over de lbrt
Gedrachkoade foar remedial teachers
- De "remedial teacher" moat har / him oan de Nederlânske wet hâlde.
- De "remedial teacher" moat yn it útoefenjen fan har / syn berop hannelje nei de ynhâld en geast fan de beropskoade.
- De "remedial teacher" mei gjin wurksumheden útfiere dy't tsjin de hearskjende wearden en noarmen yngean.
- De "remedial teacher" moat elke klant de foar har / him beste behanneling jaan.
- De "remedial teacher" moat foarôf in yndikaasje jaan oer de kosten.
- De "remedial teacher" oefent har / syn berop út op it nivo fan har / syn deskundigens.
- De "remedial teacher" moat op grûn fan har / syn deskundigens kedieze oft in behanneling mooglik fertuten dwaan sil.
- De "remedial teacher" mei gjin ûnrjochtfeardige ferwachtingen wekke.
- De "remedial teacher" moat de grinzen fan har / syn professionele deskundigens yn acht nimme.
- De "remedial teacher" moat har / syn professionele deskundigens yn stân hâlde en ûntwikkelje, rekken hâldend mei de leste ûntjouwingen op har / syn fakgebiet.
- De "remedial teacher" moat it rjocht fan har / syn klant om oare deskundigens te rieplachtsjen werkenne.
- De "remedial teacher" bedarret by it oangean fan in professionele relaasje mei de belutsen persoan / persoanen yn in fertrouwensrelaasje.
- De remedial teacher" is lykwols ferplichte om geheim te hâlden fan wat har / him yn it ramt fan de beropsútoefing by har / him dellein wurdt, foar safier't dy ferplichting dêr in gefolch fan is.
- De "remedial teacher moat mei alle ynformaasje fertrouwelik omgean.
- De "remedial teacher" mei gjin misbrûk meitsje fanút har / syn deskundichheid of it oerwicht fanút har / syn posysje .
- De "remedial teacher" moat iepen en earlik stean foar de âlden / fersoargers fan har / syn klant oer.
- De "remedial teacher" moat de klant, resp. de âlden/ fersoargers ynsjoch jaan yn alle gegevens en tagedien wêze neier útlis te jaan, derby art.14 fan de gedrachskoade yn acht te nimmen.
- De "remedial teacher" moat kontakten mei ferskate belutsenen ûnderhâlde , derby art. 14 fan de gedrachskoade yn acht te nimmen.
- De "remedial teacher" moat in goede gearwurking tusken de ferskate belutsenen stipelearje.
- De "remedial teacher" moat har / syn "remedial teacher"-kollega's mei respekt en tagedienens ta útwikseling fan kennis temjitte gean.
- De "remedial teacher" moat op krekte wize gegevens fan klanten yn' e administraasje opnimme.
- De "remedial teacher" moat fan har / syn wurksumheden in ferslach meitsje, sadat sy / hij rekkenskip ôflizze kin fan har / syn hannelswize..
- De "remedial teacher" moat de yn artikel 22 neamde ferslaggen minimaal fiif jier bewarje. De remedial teacher is ferplichte, nei it ôfsluten fan de behanneling, de yn artikel 22 neamde ferslaggen nei dizze fiif jier, op in bepaald stuit te ferneatigjen.
- Ten oansjen fan it net neilibjen fan it beropsprofyl en de derby hearrende gedrachskoade, hawwe de klant, resp. âlden / fersoargers en elke oarenien dy't der weet fan hat it rjocht om in klacht yn te tsjinjen by it bestjoer fan de LBRT.
Bureau LBRT | Kosterijland 7 | 3981 AJ Bunnik | tel 030-6571020
© 2001-2007 Landelijke Beroepsvereniging Remedial Teachers
niet ingelogd