Hieltyd mear is der yn de maatskippy omtinken foar de kwaliteit fan it útoefenjen fan in berop en wurde oan persoanen dy't in bepaald berop útoefenje easken steld wat de "scholing" oanbelanget dy't folge is, oplieding, "neischoling" en ûnderfining yn itselde berop. Ek de oerheid ûnderkent dit en stelt beropsprofilen op foar elkenien dy't yn it ûnderwiis wurksum is . "Remedial teaching" freget op it mêd fan it signalearjen, diagnostisearjen en it behanneljen fan learproblemen spesifike deskundigens. Noch altyd is it berop fan " remedial teacher" net beskerme. Elkenien kin har / him " remedial teacher "neame en as sadanich oan de slach gean.
Om de kwaliteit en de professionaliteit van "remedial teachers" te garandeare te kinnen , hat de LBRT sûnt 1 jannewaris 1995 foar" remedial teachers " yn it primair onderwijs de mooglikheid ta registraasje ynsteld. Sûnt 1 novimber 1997 bestiet der ek foar "remedial teachers" dy't yn it fuortset ûnderwiis wurksum binne de mooglikheid ta registraasje.
De LBRT garandearret de kwaliteit en deskundigens fan de troch har registrearde leden. Allinnich "remedial teachers" dy't oan de kwaliteitseasken van de LBRT foldogge, komme yn oanmerking foar de LBRT-registraasje.
Bureau LBRT | Kosterijland 7 | 3981 AJ Bunnik | tel 030-6571020niet ingelogd