In professioneel remedial teacher (rt'er) jout op maat fakkundige stipe oan learlingen dy't f êstrûn binnen yn it ûnderwiislearproses op in basisskoalle of op in skoalle foar fuortset ûnderwiis. Dy stipe kin op skoalle jûn wurde of yn de eigen praktyk. In rt'er is in "teacher" dat wol sizze immen dy't it foech hat om ûnderwiis te jaan Yn it Primair Underwiis (dipoma PABO) of yn it Fuotset Underwiis Leararenoplieding of universiteit) en dêrnei in ienjierrige deioplieding of in twajierrige jûnsoplieding foar "remedial teacher" folge hat. De oplieding "remedial teacher" is in oplieding nei de HBO.
"Remedial teaching" yn it ûnderwiis is meastentiids in taak en somtiden in funksje. De taakynhâld fan in RT er wêzentlik ûngelyk fan dy fan de yntern begelieder (YBer) en de soarchkoördinator yn it F.Û.
De taken en it foech fan de "remedial teacher" , binne te finen yn de gedrachskoade en it beropsprofyl fan de LBRT en tagelyk yn it kompetinsjemodel en de kearntaken.
It berop fan "remedial teacher" is spitigernôch noch hieltiten net beskerme. Elkenien kin har of him samar "remedial teacher" neame en as sadanich oan de slach gean. De Lanlike Beropsferiening "Remedial Teachers" wie yn 1995 de earste feriening yn it ûnderwiis dy't in eigen beropsprofyl en in gedrachskoade opstelde.
Om de kwaliteit van "remedial teaching" en de professionaliteit van "remedial teachers" garandeare te kinnen hat de LBRT de registraasje ynsteld. Allinnich leden dy't oan de feriening fêststelde easken foldogge, komme yn oanmerking foar registraasje.
Bureau LBRT | Kosterijland 7 | 3981 AJ Bunnik | tel 030-6571020niet ingelogd